Swol

Swol
Zwolle
Sicht op it sintrum fan Swol
Sicht op it sintrum fan Swol
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Boargemaster Peter Snijders (VVD)
Sifers
Ynwennertal 133.081 (1 jannewaris 2024)
Oerflak 119,28 km²
Befolkingsticht. 1081 / km²
Oar
Stifting 1230
Ferkearsieren A28 A50 N50 N35 N331 N337 N340 N764 RING
Steatsline A, Hânzeline, Spoar fan Swol nei Almelo, Spoar fan Swol nei Emmen, Spoar fan Utert nei Kampen
Postkoade 8000-8049
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 31' N, 6° 5' E
Stedhûs fan Swol
Stedhûs fan Swol
Lizzing fan de gemeente Swol
Lizzing fan de gemeente Swol
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente
Kaart
Swol (Oerisel)
Swol
Kaart
Sicht op it sintrum fan Swol
Kaart fan Swol

Swol[1] (Nederlânsk en offisjeel: Zwolle) is in gemeente yn en de haadstêd fan de provinsje Oerisel en teffens Hânzestêd. De gemeente hat 133.081 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 119,28 km². De stêd is nei Ynskedee de twadgrutte neffens ynwennertal yn Oerisel.

Swol leit oan it Swarte Wetter dêr't de Oeriselske Fecht yn útmûnet, en is mei it Swol-Iselkanaal ferbûn mei de Isel. De stêd leit oan de râne fan it goa Salland en is de grutste stêd yn dy regio. Swol krige yn 1230 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.

It haadplak fan de gemeente is de stêd Swol, en de oare plakken yn de gemeente binne Wijthmen en Windesheim. De bynamme foar de Swolsters is "Blaufingers".

  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 152.

© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search