Syrenaika

Syrenaika
برقة (Barqaẗ)
tradisjonele flagge fan Syrenaika
tradisjonele flagge fan Syrenaika
polityk
soarte gebiet lânstreek
lân Lybje
haadplak Bengazy
grutste plak Bengazy
sifers
ynwennertal 1.613.749 (2006)
oerflak 855.370 km²
befolkingstichtens 1,9 / km²
oar
tiidsône UTC+1
De lizzing fan Syrenaika yn Lybje.
De ruïnes fan in Byzantynske basilyk te Appolonia, de haven fan 'e stêd Syrene.

Syrenaika (Arabysk: برقة, Barqah; sekuerdere transliteraasje: Barqaẗ) is ien fan 'e trije histoaryske lânsdielen fan 'e Noardafrikaanske steat Lybje. De namme komt fan it Aldgrykske Κυρηναϊκή, Kyrinaikí, it gebiet om 'e stêd Syrene (Κυρηναι, Kyrinai) hinne. Yn 'e Aldheid stie dizze kontrei ek wol bekend as de Pentapolis (it "Fiifstêdelân"). Syrenaika omfiemet it eastlike diel fan Lybje, mei as haadstêd Bengazy, de twadde stêd fan it lân. Hoewol't it gebiet yn 1963 syn status fan provinsje ferlear, wurdt der yn it Lybje fan nei de fal fan it Kadaffi-rezjym krewearre foar autonomy foar Syrenaika.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search