The Breakfast Club

The Breakfast Club
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Hughes
produsint John Hughes
Ned Tanen
senario John Hughes
kamerarezjy Thomas Del Ruth
muzyk Keith Forsey
Gary Chang
filmstudio A&M Films
Channel Productions
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Emilio Estevez
Molly Ringwald
Judd Nelson
Ally Sheedy
Anthony Michael Hall
byrollen Paul Gleason
John Kapelos
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 7 febrewaris 1985
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 97 minuten
budget en resultaten
budget $1 miljoen
opbringst $51,5 miljoen
Dizze side giet oer de Amerikaanske film. Foar oare betsjuttings, sjoch: Breakfast Club.

The Breakfast Club is in Amerikaanske komeedzjedramafilm oer jongerein mei coming-of-age-eleminten út 1985 ûnder rezjy fan John Hughes. De haadrollen waarden spile troch Emilio Estevez, Molly Ringwald, Judd Nelson, Ally Sheedy en Anthony Michael Hall. De titel betsjut "De Brea-itersklub". It ferhaal giet oer fiif learlingen oan in middelbere skoalle yn Chicago dy't op harren frije sneon fan moarns sân oant middeis fjouwer oere neibliuwe moatte, ûnder tafersjoch fan in autoritêre learaar, fanwegen ferskate oertrêdings dêr't se har de ôfrûne skoalwike oan skuldich makke hawwe. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. The Breakfast Club wurdt tsjintwurdich rûnom sjoen as in filmklassiker fan 'e 1980-er jierren, en waard yn 2016 troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservaasje yn 'e National Film Registry.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search