Tiidwurd

It tiidwurd (Latynsk: verbum) is in wurdsoarte dy't suver yn elke taal brûkt wurdt. Yn it Frysk binne der eins gjin sinnen sûnder tiidwurd. Tiidwurden drukke in tastân, hanneling of proses út dy't tiidsôfhinklik is en kinne ferbûn wurde mei beskate oare wurden en dan yn syn foarm ek dêrmei in ôfhinklikheidsrelaasje oangean.

Yn natuerlike talen wurde der ornaris ferskate foarmen fan itselde tiidwurd brûkt. De foarm fan it tiidwurd dy't ôfhinklik is fan 'e tiid en fan de deroan ferbûne persoan, hyt de persoansfoarm. De persoan of saak dêr't de persoansfoarm fan ôfhinklik is, ferfollet yn de sin de funksje fan ûnderwerp. Dy wjersidige ôfhinklikens tusken ûnderwerp en persoansfoarm drukke wy út troch te sizzen dat der oerienstimming is tusken dy beide.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search