Twadde Punyske Oarloch

Kaart mei de Kartaachske fjildtochten en de wichtichste slaggen yn de kriich.

De Twadde Punyske Oarloch (218 f.Kr. - 201 f.Kr.) tusken Rome en Kartago wie foar Rome de kostberste fan de trije Punyske oarloggen, dy't Rome oan de râne fan de ôfgrûn brocht. Wie de Earste Punyske Oarloch fral in maritime, dêr't de Romeinen foar de earste kear ûnderfining opdienen mei seeslaggen, de twadde waard alhiel op lân útfjochte, dêr't folle gruttere tallen striders by belutsen wienen en dus ek gruttere ferliezen liede wurde koenen. Der binne twa ferslaggen oer de kriich bewarre bleaun, ien fan Titus Livius en ien fan Polybius.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search