Utopia (boek)

Utopia
algemiene gegevens
oarspr. titel Utopia
auteur Thomas More
taal Latyn
foarm proaza
sjenre politike allegory
skreaun 1515-1516
1e publikaasje 1516, Leuven
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Utopia
publikaasje 2002, Ljouwert
útjouwer ELF
oersetter P.W. Brouwer
ISBN oers. 9 07 15 60 031

Utopia, wêrfan't de folsleine oarspronklike titel wie De optimo reip. statv, deque noua insula Vtopia, libellus uere aureus, nec minus salutaris quam festiuus ("In Wierlik Gouden Boekje, Net Minder Heilsum as Fermaaklik, oer de Bêste Steat fan in Republyk en oer it Nije Eilân Utopia"), is in wurk fan fiksje sawol as politike filosofy fan 'e hân fan 'e Ingelsk abbekaat, filosoof, skriuwer, steatsman en humanist Thomas More. It waard foar it earst útjûn yn 1516 en wie oarspronklik skreaun yn it Latyn. Yn Utopia beskriuwt More de ideäle steat oan 'e hân 'e religieuze, sosjale en politike aspekten fan 'e maatskippij fan 'e optochte eilânnaasje Utopia; de ûnmooglikens fan dat ideaal makke dat "utopia", ferfryske ta "utopy", meitiid de betsjutting fan "dreambyld" krige. Utopia wurdt rûnom beskôge as in masterwurk fan 'e Jeropeeske en de wrâldliteratuer en hat grutte ynfloed útoefene op beskate lettere religieuze en politike streamings. De earste Nederlânske fertaling ferskynde al yn 1553; de Fryske oersetting fan Piter Wibertus Brouwer waard útjûn yn 2002.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search