Wyoming

Steat Wyoming
State of Wyoming
flagge wapen
Equal Rights
(Ingelsk, "Gelikense Rjochten")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting WY
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1890)
haadstêd Cheyenne
grutste stêd Cheyenne
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 584.000 (2014)
befolkingstichtens 2,3 / km²
oerflak 253.348 km² (0,7% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Equality State
tiidsône UTC –7
simmertiid UTC –6
webside wyoming.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Wyoming. Foar oare betsjuttings, sjoch: Wyoming (betsjuttingsside).

Wyoming (útspr.: [wa:i'o:mɪŋ], likernôch "û-aaiooming"), offisjeel de Steat Wyoming (Ingelsk: State of Wyoming), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Wyoming, byneamd de Equality State (de "Steat fan 'e Gelikensens"), of ek wol (ûnoffisjeel) de Cowboy State, leit foar it meastepart yn 'e Rocky Mountains, yn it westlike diel fan it lân. De haadstêd en teffens grutste stêd is Cheyenne. Wyoming is tige tin befolke; neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 584.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 50ste en lytste steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Wyoming mei goed 253.000 km² lykwols de 10de steat. Wyoming stiet bekend om syn natoerskientme, benammen yn it ferneamde Nasjonaal Park Yellowstone.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search