Wysheid fan Salomo

Wysheid fan Salomo
algemiene gegevens
oarspr. titel Σοϕια Σολομωντος
("Sofia Solomontos")
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm poëzij
sjenre wiisheid
skreaun ±50 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Apokrife taheakken oan it A.T.
● foarich diel Judit
● folgjend diel Tobit
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Wysheid fan Salomo
publikaasje 1978, Haarlim/Bokstel
útjouwer NBG & KBS
oersetter pater S. Galama ofm
ISBN oers. 9 06 12 60 817

De Wysheid fan Salomo, yn it Gryksk: Σοϕια Σολομωντος, Sofia Solomontos, en yn it Hebriuwsk: חכמת שלמה, Ḥoḵma ṯaŠělōmō, is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel, dat ek wol koartwei oantsjut wurdt as Wysheid, en dat net betize wurde moat mei de Wysheid fan Jezus Sirach, wat in hiel oar boek is. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt de Wysheid fan Salomo troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as twadde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet de Wysheid fan Salomo wol deeglik ta de kanon en dêr makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it daliks op it Heechliet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

De Wysheid fan Salomo is in boek fan dichterlike wiisheid, dat nei alle gedachten oarspronklik skreaun is yn it Aldgryksk, sij it yn in styl dy't basearre wie op Hebriuwsktalige poëzij. Hoewol't nearne yn 'e tekst de skriuwer neamd wurdt, waard it tradisjoneel taskreaun oan 'e Israelityske kening Salomo, fanwegen de wurden: "Jo hawwe my hjitten in timpel te bouwen op 'e hillige berch" (Wysh. 9:8), dy't dúdlik ferwize nei Salomo. Lykwols wie de iere Tsjerke him der yn beskate mjitte al bewust fan Salomo net wurklik de skriuwer wie, en de moderne bibelwittenskip fersmyt dizze tradisjonele taskriuwing alhielendal. Men leaut dat it boek út 'e twadde of earste iuw f.Kr. stammet (yn 'e ynlieding ta it boek dy't de Nije Fryske Bibeloersetting jout, wurdt it jiertal 50 f.Kr. neamd), en skreaun wie troch in anonime auteur dy't mei sin gebrûk makke fan 'e literêre fiksje dat syn tekst fan 'e hân fan kening Salomo wie.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search