Los Angeles

Los Angeles
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Los Angeles County
Sifers
Ynwennertal 3.999.759 (2017)
Oerflak 1.302 km² (ynkl. wetter)
1.214 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 3.072,0 / km²
Stêdekloft 18.679.763 (2017)
Hichte 71 m
Oar
Stifting 1781
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 34°03′N 118°15′W
Offisjele webside
www.lacity.org
Kaart
De lokaasje fan Los Angeles yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Los Angeles (betsjuttingsside).

Los Angeles (Spaansk: Los Ángeles), ek bekend as L.A. of LA, en offisjeel the City of Los Angeles, is in stêd en gemeente yn 'e Feriene Steaten, dy't oan 'e Pasifyske kust fan 'e steat Kalifornje leit. It is de grutste stêd fan Kalifornje en fan 'e Amerikaanske westkust, en de op ien nei grutste stêd fan 'e hiele Feriene Steaten, nei New York. It is it kulturele en ekonomyske hert fan Súdlik Kalifornje, en it haadplak fan it omlizzende Los Angeles County. Mei 'Los Angeles' wurdt lykwols faak net inkeld de stêd mei dy namme bedoeld, mar de hiele stêdekloft. Neffens in offisjele skatting út 2017 hie de stêd Los Angeles doe likernôch 3,4 miljoen ynwenners, wylst de stêdekloft in befolking fan goed 18,7 miljoen minsken omfieme. Los Angeles waard yn 1781 stifte as delsetting yn it fiere noarden fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje. It kaam yn 1848, oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, by de Feriene Steaten te hearren. Hjoed oan 'e dei stiet de stêd bekend om syn mylde klimaat mei in soad sinneskyn, ek winterdeis, en fierders benammen om 'e filmyndustry yn Hollywood, dat in wyk fan Los Angeles is.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search